Dijksman nei Plysje Fryslân

Ald-distriktssjef Gerda Dijksman fan de plysje yn Súdwest-Drente giet by de Plysje Fryslân oan it wurk. Dijksman kaam ferline jier yn opspraak troch twitter. Sa skreau se oer twa jonge minsken yn Meppel dy't omkamen troch koalmonokside-fergiftiging. Se hie twittere dat de twa troch húslik geweld om it libben kaam wiene. Dijksman krige doe in strafûntslach op betingst.
Wat Dijksman dwaan sil yn Fryslân is noch ûnbekend.